A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Gean net nei Pompegea

troch: Meintsje Brouwer

Asto ris útfanhûzje wolst
nei it hûs fan tante Jant
al wol jim mem it noch sa graach
doch it asjebleaft net, want
elk wit der fan yn Pompegea
en ast it leaust of net
it gûnzet fan geroften dêr
dus, bliuw thús oars is it te let
Want… achter hûs dêr is in pomp
de swingel stiet omheech
asto dy fiks nei ûnderen lûkst
dan krijst it my dochs dreech
Do pompst en pompst it wetter op
(it komt út in welle, sjoch)
dan kinst wol sizze: ho!
it streamt en streamt mar troch
It jout ek neat ast hiel lûd ropst:
‘Hâld op ik wol net mear!’
amers, sleatten, alles rekket fol
al smeekst ek hûndert kear
It wetter stiicht en stiicht, rint oer de dyk
it doarp dat wurdt in see
ik hoopje datst goed swimme kinst
want oars is ’t huplakee
Dan seist jim tante Jant goedei
en yn in tel as wat
driuwst sa nei it fier Timboektoelân
no, kom dêr mar ris wei
net earder publisearre