troch: Anne Heegstra
klompfol geitesokkefuotten waarm yn kanvfas fytstas stutsen wilens heitebûsehannen traapje Leechlânswei bylâns gazelle sjongt it heechste lied klompfol geitesokkefuotten dûnsje útlitten laam by hikkedaam laket hynstesturtestrik breedút fan ear oant ear gazelle sjongt it heechste lied klompfol geitesokkefuotten hannen spraat traapje joeljend foar de wyn troch ’t fjild oer Koopmanspaad ljip en ljurkje jubelje mei gazelle sjongt it heechste lied klompfol geitesokkefuotten dreame tútsjes fan suertsjeferkearing Fokke fetcoole gast op kekke klompfol geitewollen sokken gazelle sjongt it heechste lied