Us gymdosint is sa fanatyk
der giet gjin les foarby
dat hy ús net einen drave lit
en dat is niks foar my
Hy nimt us soms bejaarden
as wy it mier ha oan syn les
fan al dy pypkes-testen
krije wy de measte stress
Soms moatte wy ek ‘planke’
dat slagget my sa min
en dan dy acro-dûnskes
ik wit net oft ik dat wol kin
Hy soe ris witte moatte
hoe fluch ik middeis bin
dan drááf ik troch de levels hinne
want game is myn ding
Moarn sil ik nei de direkteur,
hooplik jout er my gelyk,
ynstee fan al dy draverij,
jou ús mar gamenastyk!