troch: Berber Spliethoff
Ik moat altyd nei skoalle fytse. Alle dagen fytse. Yn it tsjuster, oer glêde paden. ‘Dêr wurdst hurd fan.’ ‘Mei fytsen is neat mis,’ seit mem. Ja, ús heit en mem hawwe maklik praten. En it skraabjen fan de ruten dat fine se sa dreech. Jimme sitte op jimme wurk al de hiele dei. net earder publisearre
Twa oeren op in dei. Bah!
Us heit en mem dogge oft it neat is.
Se sizze: ‘Och dat falt allegearre wol ta.’
Ek troch rein, hagel, snie en hurde wyn.
Faak kom ik dweiltrochwiet op skoalle.
Us heit en mem sitte der net oer yn.
Us heit en mem fine it hiel gewoan.
En is myn bân leech, dan kin ik rinne.
‘Kom op,’ seit heit, ‘stel dy net sa oan.’
‘Do bist dochs gjin suertsje, kom op!’
‘Do litst dy dochs net kiste?’
‘Seur my net langer oan ‘e kop!’
‘In bytsje lichemsbeweging is goed foar dy.’
‘Do sitst de hiele dei al yn ‘e klasse,
‘sa krigest der fergees in goede kondysje by.’
Sy kinne lekker mei de auto gean.
Och, dan moatst harren hearre
as se fiif minuten yn ‘e file stean.
Is it slot beferzen? Start de motor net?
Dan geane jimme dochs lekker op ‘e fyts!
Dat is goed foar de lichemsbeweging haw ik heard.
Krije jimme samar in goede kondysje kado.
Nee, it is hielendal gjin lang ein.
Jimme binne dochs gjin suertsjes no?