A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fuotbalfamke

troch: Sigrid Kingma

Ik mei sa graach fuotbalje
mar mem wol it net ha.
‘It is sa’n wrede sport!’ ropt se
‘In blessuere hast sa.’
‘Dalik oeral blauwe plakken
troch flugge earmtakken
op ‘e knibbels yn ‘e drek,
bern doch net sa gek.’
Mar dat kin my neat skele
ik bin dochs net fan glês?
En de waskmasine rêdt wol
mei dy flekken fan it gers.
Ik snap wêr’t mem op út is
eartiids siet sy op ballet.
Se sjocht my ek al dûnsjen
mar my sjochsto dêr net.
No ha ik plakken op ‘e hakken
ribbels yn ‘e knibbels.
Mar ik spylje, fljoch en rin
omdat ik in fuotbalfamke bin.
net earder publisearre