troch: Theun de Vries
Hoe’t ik siferje, ienris, twaris, Fereale op dizze bleke tún Fûgel, wy binne bruorren, de lêsten. (Út: Alles begjint by de dingen/Alles begint bij de dingen)
ik kom altyd op itselde slútstik,
der bliuwt gjin duit mear om te fertarren.
It feest is dien,
de wyn blaast al om noard.
is der ien fûgel dy’t net wike wol.
Ik hear him risseljen yn it klimmerblêd,
soms klaget er út it beskûle nêst
ienlik en stil,
soms rûzet er noch troch de skimerjûn,
gjin minske sjucht him,
mar hy jout gjin belies.
Fûgel, weagje dû en ik
tegearre de fiere ûnwennige reis
foardat de winter komt?