A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fryslân

troch: Meindert Bylsma

om Fryslân op syn moaist te sjen
kladderje ik op sneinske skuon
yn myn nijste streekjespak
by de seedyk op

 

en by de see tilt it op
fan deade dûkeleinen
de loft wyldjaget fan blaumokken
mei plestik bekers yn ‘e bek
groetnis fan Skiermuontseach

 

ûnderdiken draakjefleane bern
mei drop yn top is topdrop


om Fryslân yn ’t lykwicht te hâlden
blaas ik yn sân hasten
in lekker fiisbrune sûkerkladde op
en gliidzje ik út
op in skieppekeutel


myn streekjespak moat it tenei
mei inkelde streekjes minder dwaan
fan kjellens litte de blaumokken
har plestik bekers falle


de bern ûnder oan ‘e dyk laitsje
en in jonkje freget
– wolst ek eefkes fiele
hoe fûl oft myn draak lûkt? –


nei’t ik it yslike lûken field haw
stjoere wy tegearre
in tillegram omheech:
Friesland is mooi
houen zo

(út: FeRsefariaasje 1977)