A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

From Russia with fear

troch: Jorn van der Schaar

Do pakst syn hân en witst dit is ferkeard.
Litst gau los en sjochst om dy hinne.
Kust feilich.
Sêft bringt hy syn hân nei de wûnen yn dyn gesicht.
‘Twa jonges heart net!’ hearst se roppen
en de klap yn dyn gesicht slacht wer yn
as syn fingers dyn lippen reitsje.
lippen dy’t oerrinne wolle mei tûzen wurden en hurd geraas,
mar do bliuwst stil.
Yn it lân mei inoar en allen foar ien
stean jimme allinne.
Underdrukt, ûnderwurdearre, ûnderskood.
Hy pakt dyn hân en do witst dat it goed is.
Hy hâldt dy fêst, mar dochs sjochst om dy hinne.
Kust feilich…
út: Op een droom scheepgaan – 2014