troch: Margriet Poortstra
Freonlik de heuvels by Vaison Sa sacht dit dodzjen op it balkon. En alles nêst dy iene Yn ‘t polderlân út: FeResefariaasje, 2005
la Romaine, net heger as by ús de dyk,
en op it kastiel, as yn ús eigen
keninkryk, in ljocht by nacht,
om wat net doocht te kearen.
In steapel boeken hâldt
de wacht as wy mei sletten
eagen it byld werkôgje fan ‘e dei:
amfiteater, kleaster, wyn,
oliven, abrikoazen. De romte,
o, dat fiersjen hjir, dat brede,
weagjend bêd fan rêst.
berch, de MONT VENTOUX.
Hoe is dy bear stânfêstich
bleaun, tsjin minsken, mistral,
tsjin it waar en alle machten yn?
Hoe is soks thús?
stiet Grutte Pier wat stoer
te dwaan, en Wilhelmyn,
yn winterjas, de oarloch treast,
besiket faaks noch wol
it meast mei it boarst foarút
in byld te jaan fan sterk te stean.
Sa frij as fûgels yn Vaison,
sa los fan hûs op dit balkon.