troch: Jurjen van der Meer
In kreaze freon dêr kinst mei pronkje. In stoere freon sil dy beskermje, In rike freon sil dy ferwenne, In stille freon silst net faak hearre, Mar it bêste binne échte freonen. net earder publisearre
Nee, dat liket net sa min.
In leave freon kinst alles freegje,
do krijst by him altyd dyn sin.
want hy is wier foar nimmen bang.
En sit dy freon fol lytse grapkes,
dan laitsje jim faak dagen lang.
in lange freon kin oeral by.
En hast in kear gjin nocht oan húswurk,
dan past in tûke freon by dy.
in drokke freon hearst elke dei.
En is dyn freon hiel gau tefreden,
dan meitsje jim net folle mei…
Dy freegje neat mar jouwe altyd.
Dy binn’ der ast se nedich haste…
In echte freon wolst noait wer kwyt.