A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fredige dei

troch: Pyt van der Burg

Fredige dei, sa wûnder ljocht,
Stil feest fan snie en sinne,
Hoe wurde myn tinzen sêftkes brocht
Nei de blide tiid fan foarhinne;

Lyk sinn’ en snie de keale wrâld,
Sa siere dream en dize
De teare bylden, jierren âld,
Dy’t foar myn each ferrize.

 

Leine as hjoed net lân en wei
Mei sinn’ en snie oergetten?
Wy rieden bliid, de hiele dei,
Oer glêd bebane fearten;

De jûns diek ’t moanneljocht sa sêft
En frjemd de grize state,
En ’t blonk op ’t iis fan d’âlde grêft,
Dy’t dêr omhinne late.

 

Lei ek it leed sa mennich dei
Syn noeden oer ús hinne,
Hjoed is dat allegear wei
By ’t feest fan snie en sinne;

De tinzen binne heech en klear,
Bliid riigje har ús dagen
Ta ien grut kinnen, fris en tear,
Fier boppe lytse fragen.

 

Ut: Samle fersen, 2012