A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Frank en Mio en Stefán

troch: Janneke Spoelstra

Ik soe sizze, Frank mei ik myn freon wol neame.
Hy ropt fleurich ‘hoi’ as ik him op ‘e strjitte tref,
‘goeiemorgen/middag’ en dat haw ik him leard.
Fan syn doarp yn Ghana hie ik oars fêst noait heard.

 

Ik soe sizze, Mio mei ik ek myn freon wol neame.
Hy toetert altyd as hy my tsjinkomt op ‘e dyk.
Ik wiisde him oan fan grien en blau en read.
Hy sketste de Balkan yn kleuren dy’t ik net fergeat.

 

En ek Stefán mei ik leau ‘k myn freon wol neame.
Sei hy tsienris ’tot koekje’, ik alve kear ’tot kijk’.
‘Oant sjen’ is ’t no en ik bin net iens mear ferheard.
‘Beslomo’ sis ik en fan Arameesk wist ik earder neat.

 

Tsien-, tweintich-, tritichtûzen, skrikst dêrfan?
It binne Frank en Mio en Stefán.

 

út: argyf FeRsefariaasje