Hoe kin de ierde om ‘e sinne draaie
al ieuwen lang en sûnder rêst?
Hoe sweeft de moanne om ús hinne
of hâldt in grutte hân ús fêst?
Hoe kin ’t dat wy net fan ‘e ierde falle?
Wa hat ús yn ‘e romte lein
yn dit hielal fan stjerren en planeten?
Wêr is ’t begjin, wêr is de ein?
Wêr bliuwt de siel fan deade minsken,
wurdt dat in geast of sokssawat
en as God yn ‘e himel wennet
is dat hjir boppe en hoe fier is dat?
‘k Woe graach in antwurd op myn fragen,
is der ek immen dy’t it wit?
Jim hoege my net foar te ligen,
ik wol krekt witte hoe’t it sit.
Wat sizze alle knappe koppen,
is ’t noch betiid of is ’t al let?
Hoe lang sill’ hjir noch minsken libje?
Of witte jim it antwurd net?
(út: Smoarge Smjirkerts)