A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

foto’s

troch: ytsje hettinga

‘ien piltsje hindert neat’, seit hy
‘kom, drink der mar wat by’
sy sweeft as in fearke op ‘e wyn
boartet yn de sânbak lykas lang ferlyn
streket Pûke oer de wiete snút
wol swimme, docht alles út
yn ’t sinneljocht oranjeread mei giel
siket har mûle, wurde liven ien gehiel
it libben libjend bûten it ferstân
dûnset se neaken op it wite strân
syn maten touterje har fyts omheech
it sadel los, de bannen leech
har skuon en jas ferstoppe
de mouwen fol mei rotsoai proppe
mobyltsjes litte har lichem sjen
sy naait gau út sa hurd se kin
nei hûs doart se net mear te gean
sjocht heit en mem by de kompjûter stean
se rint nei de trein, wit net wêr hinne
se siket in wrâld dêr’t se har net kenne
net earder publisearre