Yn ’e appgroep fan ’e jonges
kaam ynienen dyn foto foarby
allegearre laitsje
koest hiel wat sjen fan dy
Dyn moaie brune hieren
dyn waarme leave blik
Mar alles dêr wer ûnder
ja dêr stoppe ik
Fansels wol ik dat sjen
en fiele, striele, mear
mar allinnich mei ús beiden
as ik dy kennen lear
Jierren al fereale
al tink ik net datsto my kenst
miskien noch as dy nerd
of dy frjemde foto-fint
Sa lang al oan it tinken
hoe wurd ik no dochs stoer
alle konsekwinsjes
haw ik dêr foar oer
Al soe ik dit noait dwaan
Wat dochst dêr in oar mei oan?
Wat in fertriet en skamte
it hiele libben al bedoarn
Mar ik sil dy wol rêde
Mei myn nerdy masker op
leauwe se as ik antwurd’:
‘Dat haw IK dien, mei photoshop’