A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Folderwyk

troch: Jurjen van der Meer

Ik ha sûnt koart in folderwyk.
Tûzen losse bledsjes,
tear ik thús earst, faak mei mem,
ta brievebuspakketsjes.


En elke winkel docht syn bêst,
in moai opmakke folder.
Sa fyts ik dan de strjitte út,
de dyk op nei de polder.


Soms waait it, reint it, falt der snie,
soms is it waar ek prachtich.
Ik ha goed oardel oere wurk,
foar fjouwer euro tachtich.


By Boersma lit harren grouwe hûn
my elke kear wer skrikke.
Dus mei ik dêr de folders
yn in âlde molkbus mikke.


En by De Vries krij ik hiel faak
in lolly of wat drop.
Soks smikkelje ik dat ûnderweis
fansels mar lekker op.


Ik ha sûnt koart in folderwyk,
en al fertsjinnet it net folle,
ik kin wol moai, as ienichste,
alle reklames út ’e holle.