troch: Anne Heegstra
dizze wei bringt my dêr’t wy wiene dochs nea wer wêze sille bylden dy’t foar ’t geasteseach ferskine minge har mei toarnbeiblom en simmer de feart leit stil, ferlitten nimmen saait stientsjes en telt de kringen dyn sylboat heal te sink hat de swurden treast’leas lâns de siden ús hutte, sûnt fan ’t hjerst fersakke, koe de leechte net mear drage en tsjin de lichte fan de dyk driuw ik op ferjit-my-net oer it ferline boppe my ropt in fûgel bisto dat dy’t wjukken krigen hat ‘k woe dat ik ek op wjukken koe kaam ik dy temjitte boppe ’t wetter fleach ik oer fjild en fearten helle dy by my werom mar dat is in dream ik wit wol better by it nei hûs gean lis ik myn hân tsjin ús âlde bjirk syn stamme oer de pylk en it útsnien hert mei fansiden ús beide nammen