It lân ûntflechtsje op wyld aventoer?
Wat dochsto asto net mear feilich bist,
do nimst dyn leafste mei, dyn bern. Do witst
dyn eigen hûs dêr bliuwt gjin spaan fan oer.
Sy gongen bergen oer, te geande foet,
belânen mei-inoar yn in wrakke boat,
de honger wie in trouwe reisgenoat,
sy spielden oan en tochten it komt goed.
Nei einleas swalkjen kamen sy teplak,
fûnen in bêd, in tafel en in stoel,
hiene wer hope, krigen wer gefoel
fan feiligens, in eigen ûnderdak,
al friet de liddichheid har oan it hert.
Doe rôpen stimmen: do, do hearst hjir net!
út: ‘Skriuwerskalinder’ 2005