A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Flecht

troch: Jelle Bangma

In plestikpûde mei wat klean en sa,
doe binne wy begûn te rinnen.
Der waard net folle sein, de spanning
rûn mei op en like it te winnen.
Fan wurgens wist ik net mear wêr’t ik wie,
ús omke glimke, mar ik seach syn eagen.
Oant wy him hearden: dêr de see,
dy’t frijheid wonk mei al syn golle weagen.
De boat wie fierste lyts en alles stonk
nei oalje, swit en eangst foar it ûnwisse.
Ik tocht oan thús en dat wat wie,
mar dy ellinde soe ik wier net misse.
De weagen kamen oer it kreakjend hout,
de mannen skepten mei de bleate hannen.
Wy rôpen Allah oan en al syn macht,
mei tichte eagen seach ik palmestrannen.
Wat luts de stilte yn myn weagjend liif,
foar altyd soe ik frijheid witte.
Doe hawwe hannen my de loft yn tild,
want Lampedusa woe my wolkom hjitte.
net earder publisearre