A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fjouwer eleminten

troch: Sigrid Kingma

Ierde, wetter, lucht en fjoer
moatte tenei troch mei trije
dat is noch in hiele toer
ien moat in ûntslachbrief krije.


Wetter spat fuortdaliks op:
‘Wêr is dyn gewisse
de wrâld drûget sûnder my op
kinst my dochs net misse.’


Wyn komt mei in djippe sucht:
‘Sûnder my wurdt it net better
wa soarget der foar frisse lucht
en ik bin in team mei wetter.’


Fjoer kriget it hieltyd hiter
moat opkomme foar eigen saak
sei: ’Ik bin der foar de lekkere iter
en minsken mei in goede smaak.’


Elk sjocht no de ierde oan
wurdt it dy âlde wat tefolle
mar hy is hiel kalm en gewoan
soe er frijwillich kappe wolle?

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.