A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fize dingen

troch: Eppie Dam

Ik byn de lippen op ‘e mûle
altyd as ik fize dingen sjoch,
ik prop de hannen yn ‘e bûsen,
sa bang bin ik dat ik it doch:


mei in plakkerige snotlap kûse,
fingerreare troch in fûgelkak,
blaublabze knipe mei de fûsten,
hantsjegraaie yn ‘e kattebak


hûnekeutels stampe yn in blikje,
yn âlde pleisters sjen hoe read,
in smoarge jiskebak útslikje,
ien slokje út ‘e jarresleat,


kauje op in skimmelich tûkje,
kattekoarre op ‘e tonge dwaan,
sobje op in oanrjochtdoekje,
happe yn in rottige banaan.


Ik byn de lippen op ‘e mûle
altyd as ik fize dingen sjoch,
ik prop de hannen yn ‘e bûsen,
sa bang bin ik dat ik it doch.


Mar justerjûn soe ik my dûse.
Leit op it putsje in kwak hier.
Ja, doe hie ik moai gjin bûsen
omdat ik yn myn naky stie.


(út: FeRsefariaasje, 1999)