troch: Meindert Bijlsma
72 jierren hawwe dei frou op ‘e foargrûn swiere dei dominy en dêrtuskentroch 72 jierren hawwe (Út: Oant sjen yn Paesens-Moddergat, 1978)
fan har antlit
in print etst
yn in noch net beskreaune styl
op ‘e eftergrûn geve
yn ‘t sâlt bebiten streekjes
fan ‘e skol skar en skylfisk
dy’t hja yn ‘e rin fan ‘e jierren
útsutele hat
wis frou
bêst spul frou
tanke freonlik frou
dei frou
-en smoar net yn ‘e bonken-
djip útfretten linen
fan ‘e baas dy’t fierstente ier
foar ‘t lêste anker gie
en dêr boppe
sân pear klompen bestelde
op rekken fan ‘e tsjerke
(in pear jier earder
hie de bestelling noch
njoggen pear wêze moatten)
wis dominy
bêste klompen dominy
tanke freonlik dominy
dei dominy
-en rin jo de skuon
net ûnder ‘t gat wei-
fine laitsjende lyntsjes
fan doe en doe
en doe mei dy boer
en yn ‘e oarloch mei dy poep
en mei dat húske en dy tonne
en doe mei dy flesfol brandewyn
en no no’t der gjin krapte is
oan bygelyks beppesizzers
fan har antlit
in print etst
mei soer en sâlt en swiet
mar fan binnen
is noch gjin kraske te fernimmen