A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Filmkes

troch: Sigrid Kingma
Youtuber wol ik graach wurde,
hokker skoalle leart my dat?
Lit dat hûswurk mar gewurde
‘k meitsje films, sa moai as wat!

Wat foar content sil ik meitsje?
Hoe skript ik in goed ferhaal?
Moat ik yn de kamera laitsje?
of: ik begjin in kattekanaal!

De trúk is orzjineel te wêzen
en dochs meigean mei de trend.
Wêr is dy hantlieding te lêzen
hoe wurd ik sa gau bekend?

Kin ik myn freonen lestichfalle
mei hieltyd dat filmjen, nee.
Moat ik myn hiele siel útstalle
is ús hûs noch wol privé?

Alle wiken in nije upload
as it algoritme mar meidocht.
Alles ha ik oan de kant skood
wylst mem al myn filmkes sjocht

Mei har cringy kommintaar
‘Moaie show hear, dikke tút!’
It klinkt miskien wat raar
mar ik set tenei de comments út.


Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.