A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fiif suskes

troch: Meintsje Brouwer

Soms bin ik wol ris wat agressyf
en slach ik mei de doarren
dan steane al myn suskes dêr
te gnizen nei inoarren


Ja, ik ha wol fiif, dat is bêst genôch
mar it mocht om my wol in pear minder
want kinst it leauwe of net
suskes jouwe faak in protte hinder


Rek ik my moarns krekt even út
sa heal om heal noch yn ’e sûs
dan bin ik te let, se geane allegearre foar
en steane in ivichheid ûnder de dûs


Faak is ús hûs oan ’e nok ta fol
en ha se allegearre in freondintsje te gast
dan sitte se in hiel skoft op ’e kompjûter
of helje myn iPad stikem út ’e kast


Gean ik te stappen? No, dan giet it oer myn klean
dit is te ljocht en dat te lyts
en sil ik einlings fuort
dan is der wer ien útnaaid op myn nije fyts


Sjoch, dêrom slach ik mei de doar
Mar… dat duorret net sa lang
want as ik earlik bin, ik kin se ek net misse
al plak ik se soms leaver efter it behang