‘k Wie sa graach as omke Jan,
ek sa’n fet cool sterke man.
Hy tilt sa mar allee hop,
mei ien hân in hynder op.
‘Sa mar klear,’ sei omke my,
’twa kear deis in panne brij,
en dit dûnske élke dei.
Sjoch mar goed en doch mar mei.’
Linkerfoet en rjochterfoet
en noch in kear
sterke bear.
Linkerearm en rjochterearm
en noch in kear
docht net sear.
Alle spieren sjoch ik nei,
fan myn teannen oant myn ear.
Alle spieren dogge mei.
En myn hier?
Dát is gjin spier!
En al swit ik en ik stin,
op myn spier gjin bal te sjen.
Omke seit: ‘No gjin gedoch.
Bist gjin watsje wol? Set troch!’
En no doch ik elke dei,
nei tsien boarden fize brij,
omkes dûns wol tweintich kear.
Alle spieren dogge sear.
Linkerfoet en rjochterfoet
en noch in kear
sterke bear.
Linkerearm en rjochterearm
en noch in kear
docht net sear.
Alle spieren sjoch ik nei,
fan myn teannen oant myn ear.
Alle spieren dogge mei.
En myn hier?
Dát is gjin spier!
Sterkste man? Neat mear foar my.
Ik bin mislik fan dy brij.
Tolve pannen stean no klear.
‘k Smyt se fuort, ik hoech net mear.
Hee, ik til de tafel op.
Tolve pannen brij derop.
Yes fet cool! Moatst my ris sjen.
‘k Bin it allersterkste bern!
(net earder publisearre)