troch: Jelle Bangma
Heit rydt stadich oer de oprit, Heit dy sleept ‘m nei de keamer Mem giet no wol yn diskusje, ‘Gloria en ekstra deo’, út: Stille nacht, wûnder nacht, 2012
nee, de klep koe lang net ticht.
Mem komt fleurich fan ‘e fliering:
goudfersielsel, o sa sjyk!
Heit dy mjit dan mei de tomstôk,
ja, der moat in hiel stik ôf.
Wy begjinne út te pakken:
wês foarsichtich mei dy pyk!
en de top rikt it plafond.
‘t Kastke moat mar nei de keuken,
wat in joekel, machtich man!
Earst de slingers, mient myn suster,
nee, de lampkes, logysk toch?
Ik begjin mar mei de ballen,
nee, dy pyk… mar sûnder dan?
want se fynt ‘m fierste drok.
Heit dy bromt: ‘lit mar gewurde,’
‘k hingje fluch myn Ingel op.
Alle tûken binn’ beset no,
mem sjocht amper mear wat grien.
Heit krûpt kroanend mei de stekker,
floept ‘hyphoi’ de ljochtsjes oan.
sjongt myn broerke lûdop foar.
En wy skikke no de stuollen,
sjong’ ‘O denneboom’ yn koar.
Wat in beam, it is de moaiste!
Heit hat nuddels yn it hier,
yn ‘e doaze leit dy pyk noch:
dy moat wachtsje oant takom jier.