A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbĂ» / hbĂ»

Ferlegen

troch: Elske Kampen

Ik miende wier dat ik ferlegen jierren lyn al
fuortdien hie. Kreas opteard yn in doaze yn
myn kleankast set.
Winterskuon der boppe op en flokjes stof.
Sa wie ferlegen moai Ășt it sicht en bleau dy
doaze foar altyd ticht.

Mar troch dy wie ferlegen dizze simmer wer
werom. Stie koppich as in tinte, flammend
read en stom.
DĂȘr krĂ»pte ik yn en ritste ticht en rĂŽle op en
waard in stikelbaarch sa en wie net mear fan
doel om ea noch wer nei bûten ta.

Mar do diest krekt as wiest de rein en tikkest
mei dyn fingers boartlik drippen op myn dak.
En do diest krekt as wiest de wyn en fan dyn
sĂȘfte lippen waaiden tĂștsjes sa myn tinte yn.

En do diest krekt ast tonger wiest en flitstest
mei dyn wjerljochteagen flammen op it paad.
En do diest krekt ast wiest de sinne en smietst
dyn waarme skitterstralen oer it skaad.

Doe is ferlegen hiel foarsichtich samar lĂąns
myn teannen djip yn ‘e grĂ»n ferdwĂ»n.
Naam ik dyn hĂąn en binne wy tegearre nei
de see ta rûn.

net earder publisearre