A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbĂ» / hbĂ»

Ferkearing

troch: Berber Spliethoff

Ik haw ferkearing mei de stoerste jonge Ășt ‘e klasse.

Elk is jaloersk op my.

Ik mei nei alle feestjes.

Yes, ik hear der hielendal by.

 

Ik moat der wol oan wenne hear.

Ik draach no folle mear make-up.

Alles is oars: myn hier, myn klean,

Ik draach sels in push-up.

 

Dan sjoch ik nei Sytse.

Dy lûkt him fan al dat stoere neat oan.

Hy smookt net op it plein.

Sytse is gewoan gewoan.

 

Sytse is himsels

en giet syn eigen wei.

Hy makket my oan it laitsjen

en sjongt de hiele dei.

 

Hy hat in reade bril

en fytst op in Ăąlde fyts.

Hy draacht gjin merkklean

en syn spikerbroek is eins te lyts.

 

Hy fynt wiskunde leuk

en skiednis ynteressant.

Hy docht net oan fuotbal.

Gymnastykje kin er fan gjin kant.

 

Ik haw mei de stoerste jonge fan ‘e klasse.

Ik hear der hielendal by.

Mar Sytse, rekket myn ferkearing Ășt,

dan kies ik moai foar dy.

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan FryslĂąn? Komsto te sjen? WĂȘs wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nĂ»mers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil Ășs yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.