troch: Giny Bastiaans
Us hûs sjocht der ferlitten út, Ik rin temûk de keamer yn, Ik rin nei boppen foar it lêst, It rûkt hjir sa fertroud nei my. Op it behang is noch it skaad Wat moat ik yn dat oare hûs, Us hûs sjocht der ferlitten út, (út: FeRsefariaasje, 2005)
mei de gerdinen der foar wei.
It wurdt al leger efter it rút,
sa fielt it ek yn my.
dêr’t it hieltyd rommer wurdt.
En yn myn búk leit wer dy stien.
Sa kâld is dy en hurd.
myn fuotten gean net mei.
Se plakke oan de treppens fêst.
Se wolle hjir net wei.
Moarn sliept hjir in oar bern.
Ik bin der wis fan dat ik har
of him net útstean kin.
fan posters fan myn stjer.
En troch it rút, yn de âlde beam,
kin ik myn hutte sjen.
dêr’t it nuver is en nij?
Ik krûp aanst yn ‘e âlde beam
wurd yn myn hutte wei.
mei de gerdinen der foar wei.
It wurdt al leger efter it rút,
sa fielt it ek yn my.