A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ferhúzje

troch: Froukje Annema

No binne wy al wer ferhuze!
En dat ’s al foar de fjirde kear.
Wy krije hieltyd moaiere huzen,
mar foar my hoecht it al lang net mear.


Us heit syn wurk dat is de oarsaak.
Hy makket ivich karriêre.
Konstant op jacht nei stân en status,
mar syn karriêre is myn misêre.


De buorlju binn’ al wer wat sjiker.
‘t Is hjir in buert fan kâlde kak!
Mem bridget en tennist en jout party’s
en heit seit: “Hjir binn’ wy teplak.”


Mar ik sit op myn nije keamer
oeren te stúmjen foar it rút.
‘k Haatsje dit rothûs en dit rotplak!
As ik myn sin die, naaide ik út.


‘k Mis myn âlde freonen, bin wér allinne.
Op skoalle ha ’k it min nei ’t sin.
Yn ’e klasse kom ik der net tusken,
omdat ’k dêr wer ’dy nije’ bin.


En ek al ha ’k in lúkse keamer,
mei nije meubels, balkon en dûs,
it fljocht my oan! ’k Sjit it balkon op
en raas oer dy kakbuert: ’Ik wol nei hûs!’

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.