A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ferhúzje

troch: Janneke Heslinga

Ik mei
nij behang yn kekke kleuren
doch ik
ierdetinten, jungleprinten
grize of dochs wite plinten


Ik mei
in nije stoel
in nij buro
in twapersoansbêd
in lits-jumeaux
nije gerdinen
in nije flier
in grutte poster
gewoan foar de sier


Ik mei
nije lampen, led-strips
in partybox, in nije kast
as ik alles in plakje jou
blykt dat it eins net past


Mei ik
noch ien ding freegje
Hat der dan net ien oan tocht
wat ik der eins fan fyn
ús thús
samar ferkocht