A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fergonklik

troch: Margryt Poortstra

it strân leit as in skierwyt
fel papier yn it lêste ljocht
de tekening fan hjoed
wie mar in út ‘e losse hân
opsetten skets

 

wêr binne se bedarre
de bliere bern
de mei de eagen ticht
net mear ferlegen bleate memmen
de rôljende
mei lucht oan knappen ta
opfolle ballen
de sprongen dy’t se meitsje op ‘e wyn
de plofkes yn it sân

 

wêr is dyn hân keard
yn it my ôfwêzich streakjen
dyn pleagjend lichte fingers
dy’t linen lûke oer myn rêch


wêr fyn ik dy werom
as sels de printen
fan myn eigen fuotten
noch ûnder it rinnen wei
ferdwine

 

(út: Hjir, nû, 3/199)