A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ferbline simmersinne

troch: Anne Heegstra

ûnder dekbêd djip ferskûle
hear ik mitrailleurs ratteljen
raketten kraters slaan


we stowe fuort
stof waait op
bist net mear te sjen


raas dyn namme troch de mist
lûd lûder hieltyd lûder
hoopje sa datsto
my hearre kinst


seach ik dy no
tusken strepe pyamaklean
yn lange rigen
troch in holle poarte gean?


snieflokken ferblynje simmersinne
falle foarsichtich op my del
ik fei se hoeden ôf en meitsje
jiskegrize strepen op myn fel


stof smoart drûch myn razen
it klamme swit brekt rûnom út
wiet wurde my de wangen
want ik wit ik bin dy kwyt


soms is it werklik hielendal mis
ik dream dan dat ús lân yn oarloch is