A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fan it famke en de fisk

troch: Ytsje Hettinga

Op see in skip mei tûzenen

stielen doazen yn read

oranje, blau en swart

yn giel, griis en grien.

 

Op de side yn grutte letters MSC.

Achterop de namme fan Zoe*,

in famke mei twa goudfisken

yn in kristallen kom.

 

Oan ‘e loft komt in donkere

rimpene wolk mei bolle wangen.

Hy blaast oer de weagen en

tsjin de doazen op it skip.

 

‘Hâld op, hâld op’, roppe dy,

‘doch net sa stom!’

 

‘Net jimme, de minsken binne

dom’, laket de wolk, ‘sy komme

om yn grut en grutter en yn mear

en mear. Dit kear wol ik mei pûsters

izer brekke, ik sko jimme yn it skom!’

 

Guon kleuren sinke. Oaren spuie

harren bûken leech en smite

tûzenen kroadfol rotsoai op it strân.

 

Mei triennen yn ‘e eagen seit

in âlde fisk: ‘Leave bern, sa’n minne

takomst ha we noch nea hân. It liket

my better en gean út it wetter.

Wy draaie ús om, tenei libje wy feilich

by it famke Zoe yn ‘e kristallen fiskekom.’

 

* (útsprekke as Zo-ë)