A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

fan fallen en oerein

troch: ytsje hettinga

do hast dy klaaid yn ’t pimpelpears
by pompeblêdetrui en sjaal
do rinst hiel hoeden
lears foar lears
troch farske snie
mei redens yn ‘e hân


hiel skruten hifkjend taastend
foet foar foet op ’t hurde wetter
krijste moed en bynst se ûnder


ien momint fan hope
dan swaaie dyn earms troch de loft
dûnsje de stjerren foar dyn eagen
as dyn swarte kroeskop
mei in klap op ’t iis del ploft


bliuwst lizzen om oerein te kommen
want do kinst it spultsje
fan fallen en oerein al langer


(net earder publisearre)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.