Oer de nijstêd fan de dagen
rinne wy inoar foarby
heine hjir en dêr gesichten
witte net fan dy of my
Iepen boek yn sletten eagen
wurge gong op klinkersein
wiffe sang op sneon en snein
yn gesichten mei ferhalen.
Dy’t ferbyldzje fan ‘e dreamen
flonkerje fan leaf en lok
fan ‘e blommekream mei roazen
mei de knop foar dyn gelok
Dy’t fertelle fan de nachten
op ‘e riepe fan ‘e ramp
of de flecht fan faaie fûgels
stikeltried om hiem of kamp.
Oer de nijstêd fan de dagen
rint it libben ús foarby
al dy tekene gesichten
leed en lok fan dy en my
Wa fertelt yn minsketalen
fan de haadsaak in gedicht
fynt in goddelik gesicht
yn befrijende ferhalen.
net earder publisearre