troch: Arjan Hut
hearste hoe’t de lamkes skrieme hjir stean ik, myn earms omheech hearste ‘t, sjochste ‘t dôf en blyn net earder publisearre
yn it tsjuster fan it hok
hearste hoe’t de krieën krasse
de meldijen fan har lot
sjochste hoe’t de iken swiere
lokjend, slomjend yn it wâld
sjochst hoe’t tiid mei stive skonken
strof’let troch dy toarre wrâld
mei grize kloeren lange neilen
dêr flean ik, troch wolken heech
yn swarte fearren as in wylden
ik sjoch nei dy
dreamsto fan my?
ik sjoch nei dy
asto te koesen leist…
dat ik dy wol frette kin
dat foar my gjin moanne skynt
as ik dy net bite kin