troch: Elske
Ik bin in feestbeest en ik hâld Elke moandei en freedtejûn Kola, koekjes, rys en moal Ik haw wol wille yn dy winkel Allinnich dat rare superjaske Mar it slimste binn’ de klanten Alles skuorre se fan it plak, Mar it moaiste fyn ik no ús mem
fan lekker swinge yn ‘e stêd.
Myn bûsjild is dus net genôch
fan jild ha ‘k swier ferlet.
kinst my no yn de super fine.
Ik sit op knibbels oer de grûn
en set it guod yn rjochte rigen.
alles set ik kreas te plak.
Spegelje, sa neamt men soks
ja, fakkefulle is no myn fak.
want Klaas en Sytse dogge it ek.
Kin we moai oer it wykein prate
en mei de sjef ha wy de gek.
stiet my net mar it is ferplicht.
Ik hâld fan swart en heavymetal
dus dat oranje is gjin gesicht.
dy froulju mei dat grize hier.
Se seure en neat kinn’ se fine
en ferjitte wêr’t de Andy stie.
neat stiet mear sa’t it stie.
Leafst woe ‘k mei myn maten wurkje
yn in winkel dy’t gjin klanten hie.
mei har kin ‘k skriuwe en lêze,
want de keamer fan in fakkefuller
mei fan har in binde wêze!