A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Fakânsje

troch: Jurjen van der Meer

Wy planne ús fakânsje

meastentiids mei âld en nij.

Der is dan faak wat ekstra jild

en elkenien hat frij.

 

Mem sit foar op ’e kompjûter,

wy pakke ús telefoan.

Heit prutst achter op ’e laptop,

by ús is dat hiel gewoan.

 

Nei in oerke komt der leven,

mem wol graach nei Afrika.

Heit seit nee, dy giet it leafste

nei Iislân of nei Laplân ta.

 

In stêdetrip of jungletocht

falt ek by elk net yn ’e smaak

We roppe allegear wat oars

mar ’t is net ien kear raak.

 

Myn broer seit bergen, ik sis see,

Japan is krekt te djoer.

En sa bliuwt, lykas alle jierren,

gesellich, Flylân oer…