troch: Berber Spliethoff
Op myn luchtbêd sjoch ik him kommen. ‘What’s your name ‘I’m from Friesland’, sis ik swoel. Ik sjoch him ferheard oan. ‘But,’ seit er, ‘I like it here better.’ Dus dames, út: FeRsefariaasje, 2007
Dûnkere eagen, kroljend hier.
Krêftich swimt er nei my ta.
Ik doch krekt as ynteressearret er my gjin sier.
and where are you from?’
Gááp……..wat orgineel.
Leaflik laitsje ik werom.
Weagen triuwe ús hinne en wer.
‘O Friesland’, knikt er,
‘Friesland, yes I like it there.’
Hy, yn Fryslân, dy hiele reis?
Hy knikt wakker mei syn holle:
‘Yes, yes, Friesland, very nice.’
En wol ik witte werom?
Syn hannen gripe ûnder wetter.
Mei ien skreau leit myn luchtbêd om.
Wêr’t jim ek driuwe op jim luchtbêd,
ek al binne de jonges noch sa fanatyk.
Wit dan ien ding wis:
Jonges binne oer de hiele wrâld gelyk.