A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

En wa bisto?

troch: Tjitske Sijtsma

Hast’ dat ek wol ris?
Do stiest foar de spegel,
se sjocht dy oan, freegjend
‘En wa bisto?’

 

Is sy deselde as my, of
bin ik deselde as har?
Ik sjoch har oan, ynkringend
‘En wa bisto?’

 

Bin ik dejinge dy’t sy wie,
of is sy dejinge dy’t ik wêze sil?
Se sjocht my oan, geheimsinnich
‘En wa bisto?’

 

Wat docht sy as ik fuort bin? En
wat soe ik dwaan as sy sa fuortrûn?
Wy sjogge elkoar oan, glimkjend
En wa bin ik?

 

Út: Hjir 2005
Winnend fers Junior Rely

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.