A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Eksploazje

troch: Ciska Noordmans

Do leist sa lekker yn myn hân
Ik streakje dyn glêde hûd
en til dy op,
sa licht en leaflik bisto
Wy twaen binne ferfrissele
en feroardiele ta inoar
Tegearre rôlje wy oer
wite oerflakken as siden lekkens
Wy fine inoar tusken de linen
sûnder wapperjende wask
Asto dy tsjin my oan flijst
kin ik my net bedimje
en wol ik ek mei dy!
Wol ik ferdwine
yn in wite wrâld mei
opswypkjende wurden
dêr’t wy inoar fine
yn in eksploazje fan poëzy


Do kleurest myn wei
en joust swing oan myn gedachten
Trunest my oan ta sêfte sinnen
as de swiete noaten fan in sankje
Beminlike balpinne,
Ik hâld fan dy.