Us heit wol duorsumens omearmje.
Dus, sinnepanielen op it dak.
Ek wol er de natoer beskermje
mei minder ôffal yn de bak.
Yn d’ auto wol er net mear ride,
hy pakt de fyts, de bus, de trein.
Sa wol er ekologysk stride,
hy bringt fersmoarging ta in ein!
Us mem, dy hat it noch wat slimmer,
wy keapje neat fan plestik mear.
De pûdsjes om de bôle hinne
dy brûke wy dus noch in kear.
De termostaat in graadsje minder,
mem seit: ’Dan mar in ekstra trui!’
It rûkt hjir thús nei griene sjippe,
want bleek, dat mei net foar it miljeu.
Mar och, myn broer! Hy sit te seuren,
fynt duorsumens mar negatyf.
Wol ’t leafst wat op syn brommer skeure,
seit: ’Heit en mem binne nayf.’
En ik?
Waans kant moat ik no kieze?
Sjoch, ik fyn eko lang net gek.
Mar ’k doch it op myn eigen wize,
ik snack noch graach ris by de Mac.