En yn de skulpen
kin ‘k de see noch hearre.
It rûzen fan de weagen op it strân.
De blauwe loft
tsjin grien-griis achterlân.
De waarme dagen,
boatsjes yn de haven.
Blinkend wyt mei read’ of blauwe bies.
Se kamen fan ‘e moarn
foar ljocht al thús.
Jûn farre se wer út,
sei heit,
om farske fisk foar
lytse restaurantsjes.
Beseagen guod
yn winkeltsjes fol geuren
en skarrelen traach
lâns diskes
swier fan fruit.
In oare wrâld
fan bûnte brutsen kleuren.
Preaunen it libben
inkeld
op dat stuit.
Ien kear wie ’t strân
krapoan in oerke ticht.
Der dreau in swimfest
en in plastic slipper.
Dat koe hjir eins net
wist in âlde skipper
want ferdrinke diene se
oan ‘e oare kant.
Us strân en haven
wiene flechtlingfrij.
Hjir koest genietsje,
sûnder stress en soargen.
Hjir mochtst gelokkich wêze,
elke dei opnij.
net earder publisearre