hjir stean ik yn it felle ljocht
in frjemde dichter
hat foar my betocht
wat ik hjir sizze kin
mar mient hy it goed
as wie ’t in freon
hie hy myn byld foar eagen
wylst er syn wurden skreau
binn’ wy foar even ien
yn swarte letters op papier
syn wurd, myn stim
en is foar my syn wierheid wier
ik jou mysels út hannen
yn de bylden fan in oar
as ik dan fal, wa krijt my op
wat bliuwt der fan my oer
meskyn dat ik ynienen
hiel wat oars betink en sis
dan wat der stie sa swart op wyt
op slach myn eigen wurden wit
hjir yn dit ljocht de klanken fyn
foar in eigen nij begjin
en kom mei in gedicht
dat allinnich ik betinke kin
der wie ris
ik wie der ris
ik bin der
hjir no
yn dit ljocht
ik