Earme Antsje waard se neamd,
mar wa hie der net fan dreamd
om wat fan har jild te krijen
har besit, har landerijen?
’t Wie har lykwols ek ta lêst:
steat en oansjen, se siet fêst.
Earme Antsje hie as faam
noait in frijer by har naam.
Och, se wie fierstente sinnich
en sa bleau se oer, allinnich,
want de leafde fan har hert
woe se ha, mar dat koe net.
’t Stânsferskil wie fierste grut,
de famylje sei ’t har hurd:
‘sykje ’n boer út eigen rûnte,
net sa’n ferver, dat is sûnde’.
Antsje knikte wol fan ‘ja’,
mar har hert woe Piter ha.
Boer by boer, sa bleau yn stân
pleatsen, fee, besit en lân.
Antsjes leafde waard ferballe
want se mocht gjin keunstner wolle.
Earme Antsje waard bestjoerd
troch famyljebân en –bloed.
Mar yn har testamint stie skreaun:
’k Wurd skielk begroeven neist myn freon.
En sa binn’ se, sûnt har stjerren
dochs yn de ivichheid tegearre.