A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Eangst

troch: Berber Spliethoff

Ik bin bang.
Stjerrende bang.
It bekrûpt my soms as tsjuster.
Unferwachts grypt it my by de kiel.
De mûle gapjend swart.
Ik hymje,
myn hannen trilje.
Lûden skerp, mar dochs ek fier.
Ik sit stil, beweech gjin spier.


Ik bin bang.
Stjerrende bang.
Soms wit ik it yn ‘t foar, dat ‘t komme sil.
Ik wapenje my dan mei wurden, sifers, witten.
Mar myn munysje wurdt ta switten,
glydt wei yn in stream fan tsjuster,
tsjuster,
black,
blackout.


Ik bin bang.
Stjerrende bang.
Dat ik net wit, net kin,
wat moat, wat tocht,
ferwachte wurdt.
Dat ik net bin as hy,
as sy, as dy.
Nee sels net as my
dy’t ik wêze wol.


Faaleangst.
Ik bin bang,
dat ik dêr 100% foar slagje.