Ik skriuw dyn namme op it beferzen rút
dyn namme is tichtby, mar do,
do bist sa fier fuort
Dan ferdwynt dyn namme troch de izige kjeld
Ik skriuw dyn namme yn it sân,
de sinne sakket yn it kâlde wetter, en do,
do likest noch fierder fuort
De golven nimme dyn namme mei
Ik flúst’rje dyn namme yn ‘e loft,
de wyn rûzet hurder as myn stimme, en do,
do fleanst fan my fuort
De wyn nimt dyn namme by my wei
Ik flúst’rje dyn namme yn it tsjuster,
der is nimmen om ‘m te hearren, want do,
do bist noch fierder fuort
De stjerren nimme dyn namme mei harren mei
Ik skriuw dyn namme op ‘e spegel,
ik sjoch mysels, mar do,
do bist sa fier fuort
Myn triennen sykje om dyn namme
Ik skriuw dyn namme yn myn herte,
dat gûlt fan waarm fertriet, mar do,
do bist fierder fuort as ea
Myn herte sil dyn namme bewarje, foar altyd
út: Op een droom scheepgaan, 2004