A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Dy stomme triennen

troch: Giny Bastiaans

As sy wol nei it feestje mei.
En ikke, ikke net!
As hy wol lang opbliuwe mei,
en ik moat al op bêd.
As ik net goed yn jumping bin,
of as ik beppe mis,
gjin trampoline krije kin,
de film sa silich is.
Dan moat ik
slikke slikke slokke
snikke snikke snokke.
Ik lûk mei myn gesicht,
ik knyp myn eagen ticht.
Ik wól net dat se rinne,
dy stomme stomme triennen.
‘k Fiel it wiet op myn wang.
It pookje út myn noas.
Ik wól net dat in oar dat sjocht,
ik wurd noch leaver boas.
Dus moat ik
slikke slikke slokke
Snikke snikke snokke.
Ik lûk mei myn gesicht.
Ik knyp myn eagen ticht,
want ik wol net dat se rinne,
dy stomme stomme triennen.
(net earder publisearre)