Do hâldst it libben fêst
dyn tiid is, tinksto, noch net om
lêsto in frjemde taal
yn al dy grimels op ’t plafond
stiet dêr in boadskip faaks
dêr’t ik net efter kom
Datst oeren, dagen, wikenlang
alhiel gjin wurd mear seist
kinst net mear prate, frege ik noch
ik sit hjir ommers neist
‘k sjoch nei dyn hannen, sa fertroud
wêr tinkst oan sa’tst dêr leist
Der dûnsje leave bylden foar my út
dy’t ik earst net fetsje kin
se widzje my en hoedzje my
as ik it paad kwyt rekke bin
se pleagje my, laitsje my ta
oant ik se gripe kin
En as in flinter oer de blommelannen
komt my yn ’t sin hoe’tst wiest
datsto beret, mei al dyn leafde
neist my fol yn it libben stiest
net earder publisearre